Sprekferbod PVV'ers ûnbekend

By de Fryske ôfdieling fan de PVV is neat bekend fan in sprekferbod. Moandei waard dúdlik dat allinnich de listlûkers foar de kommende steateferkiezings fan partijlieder Wilders de parse te wurd stean meie.
In wurdfierder fan de PVV Fryslân -èn kandidaat-steatelid- seit lykwols fan neat te witten en him dêr ek net oan hâlde te sillen. De Fryske listlûker, Max Aardema, wie net berikber foar kommentaar.