Miljoenen foar Bas Dost

31 jan 2011 - 15:56

Yn de arbitraazjesaak fan SC Hearrenfean oanfaller Bas Dost, dy't moandeitemiddei om healwei twaen hâlden is, is nei bûten kaam dat Hearrenfean hast 8 miljoen euro foar de oanfaller hawwe wol. Dêr gean dan noch de kosten ôf en dan hâldt Hearrenfean 7 miljoen oer. Ajax hat in bod dien dat folle leger leit .

It "kamp Dost" hat oan de arbitraazjekommisje frege om it transferbedrach foar Dost te bepalen. Moandei wurdt de útslach ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)