Armeniërs net nei Ter Apel
De Armeenske Edgar Baghdasyrian wurdt tiisdei net nei it ferwidersintrum yn Ter Apel brocht. Dat hat de tsjinst Terugkeer en Vertrek oan syn advokaat witte litten. Moandei kamen learlingen fan it CIOS op It Hearrenfean yn aksje om har stúdzjegenoat te stypjen.
Edgar is 25 jier en is 8 jier lyn fan Armenië nei Nederlân flechten. Syn mem hat psychiatryske problemen. De famylje is net útprosedearre, mar soe neffens it COA de útspraak yn Ter Apel ôfwachtsje moatte.
Trefwurden:
argyf