Goeie Ali oppakt saak-Vaatstra

31 jan 2011 - 14:09

De man dy't yn 1999 yn Turkije oanhâlden waard yn ferbân mei de moard op Marianne Vaatstra wie wol deeglik de goeie Ali Hussein Hassan. Dat seit it Iepenbier Ministearje moandei.

It IM hat yngeand ûndersyk dien omdat nei in útstjoering fan Eén Vandaag twivel ûntstien wie oft de arrestearre man wol de goeie Ali H. wie. Dêr is neffens it IM no gjin inkelde twivel mear oer. Ali H. waard fertocht fan it ferkrêftsjen en ombringen fan Marianne Vaatstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)