Ferset ûnderwiisbesunigings

31 jan 2011 - 14:00

De PvdA yn Fryslân ferset him tsjin de foarnommen ryksbesunigings op it basisûnderwiis. Deputearre Hans Konst en sân PvdA-ôfdielingen yn de provinsje meitsje har bot soargen oer de takomst fan it ûnderwiis. Neffens Konst moat in grut tal basisskoallen ticht at de besunigings trochgean.

Earder hawwe de skoallen sels al de needklok let oer de kabinetsplannen. De skoalbestjoeren sizze dat de besunigings liede ta minder kwaliteit en ûntslaggen ûnder leararen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)