Noch neat bekend dea Dokkumer

31 jan 2011 - 11:24

It is de plysje noch folslein ûndúdlik hoe't de 21-jierrige Dokkumer sneon betiid om it libben kaam is. Hy waard dea fûn yn in auto yn de Klaverstraat. Der is seksje op it lichem dien, mar it kin noch wol inkele wiken duorje foardat dêr útslach fan komt.

De Dokkumer hie mei twa maten op stap west yn Ljouwert. Doe't se werom yn Dokkum wiene giene de twa maten it hûs fan ien fan beide yn, mar it slachtoffer bleau yn de auto sitten omdat er him net goed fielde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)