Mear fersekerden De Friesland

31 jan 2011 - 11:08

Mear as 10.000 minsken ha yn de ôfrûne twa moannen in fersekering ôfsletten by soarchfersekerder De Friesland. Dêrmei binne no goed 508.000 minsken fersekere by De Friesland. Dat is in rekôr. Ferline jier giene noch 6000 minsken nei in oare soarchfersekerder.

De nije ynternetfersekering foar gesinnen, Kiemer, is neffens De Friesland ien fan de oarsaken fan de groei. Dêr binne brede oanfoljende pakketten foar bern en kinne âlders advys freegje oer de opfieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)