Fragen snelheid wettertaksys
VVD-Twadde Keamerlid Matthijs Huizing stelt fragen oer de snelheid fan wettertaksys op de Waadsee. Ferline wike spruts de steatefraksje fan de VVD him al út foar it ferheegjen fan dy snelheid.
De partij fynt dat de taksys tastimming krije moatte om nachts hurder te farren as de 20 kilometer dy't no tastien is. De taksys meie no allinne oerdei op folle krêft farre.