Skuorre op 'e Gordyk útbaarnd

31 jan 2011 - 10:09
Foto: Martijn de Vries/HvNieuws

Op 'e Gordyk is sneintejûn in skuorre útbaarnd. De skuorre stie oan de Compagnonsstrjitte. By de brân kaam asbest frij. Dêrby binne in tal huzen yn 'e buert fan de skuorre besmet rekke. De huzen binne mei linten ôfset.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)