Ungelokken troch glêdens

31 jan 2011 - 10:03

Troch de glêdens binne snein meardere ûngelokken bard. Yn de measte gefallen bleau it by blikskea. Yn Hurdegaryp rekke de auto fan in man fan 30 en in frou fan 24 jier fan de dyk. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Op de Wâldwei by Garyp ferlear in 19-jierrige man út Eelde de macht oer it stjoer en kaam yn it wetter telâne. Hy is mei ferskynsels fan ûnderkuolling nei it sikehûs brocht. Ek op de A32 wie it raak. Trije automobilisten glieden fan de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)