Huzekorporaasjes gjin jild

WoonFriesland noeget de kommende tiid safolle mooglik Haachske politisy út, om te fertellen dat der by Fryske korporaasjes neat te heljen falt. Neffens direkteur Frans Kooiker tinkt de polityk yn De Haach te'n ûnrjochte dat de korporaasjes noch in soad huzen ferkeapje kinne oan har hierders.
Yn it regearakkoart stiet ek dat de korporaasjes oer trije jier in ekstra heffing oplein krije dy't mei de opbringsten fan huzeferkeap betelle wurde moat.