Snits WS spilet lyk mei 0-0

30 jan 2011 - 16:16

It is Snits Wyt Swart snein net slagge om in goed ferfolch te jaan oan de lêste wedstriid tsjin Rigtersbleek. Op Sportpark Tinga bleau it snein 0-0 tsjin MSC út Meppel. Snits hie genôch kânsen, mar it ûntbruts oan in goede einpass. Nei de tee krige in spiler fan MSC in reade kaart, mar dit meartal krige gjin ferfolch yn Fryske doelpunten.

Keeper Bantema fan Snits Wyt Swart moast oan de ein noch rêding bringe op in pear gefaarlike ynsetten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)