Hearrenfean negeart twadde bod

Bas Dost
SC Hearrenfean hat it twadde bod dat Ajax op spits Bas Dost dien hat negeard. Dat befestigje boarnen oan Omrop Fryslân. Sneon melde Ajax him al foar Dost, mar neffens foarsitter Veenstra soe der pas skot yn de saak komme nei de wedstriid tsjin Grins.
Ajax krige snein foar spiler Dries Mertens by FC Utrecht ek al nul op it rekest. Ajax siket nije spilers no't de Amsterdammers in goed 20 miljoen te besteegjen ha nei de ferkeap fan Luis Suarez.