Ferfelende man op It Fean

30 jan 2011 - 14:28

Yn it sintrum fan It Hearrenfean hat de plysje dit wykein in agresive man oanhâlden. Hy wie oan it skellen tsjin minsken dy't er tsjinkaam en hy fytste ek tsjin fuotgongers oan.

De plysje frege him earst om út it sintrum wei te gean, mar in healoere letter wie hy dochs wer werom. Uteinlik is er meinommen nei it plysjeburo en dêr is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)