Weert sterker as Snits
It is VC Snits net slagge om har minne rige fan follybalútslagen te stopjen. Sneon wiene de froulju fan Weert yn de Snitser Sporthal mei 3-1 te sterk. Ek de ôfrûne wedstriden ferlear it team fan trainer Petra Groenland.
Yn de earste set kaam Snits tichtby mar ferlear mei 21-25. De twadde set wûn Snits mei 25-23. De lêste sets wiene foar de Limburgers: 18-25 en 16-25.
Trefwurden:
argyf