Sintrum by Nasjonaal Park

30 jan 2011 - 12:47

By de Lauwersmar wurdt freed begûn mei de bou fan it aktiviteitesintrum fan it Nasjonaal Park. It sintrum sil brûkt wurde as startpunt foar besikers foar ekskurzjes, skjinmakdagen en natuerwurkdagen. Fierder wurde der lêzingen en workshops hâlden oer de natuer en oer it Nasjonaal Park.

Bûten komt in paviljoen foar de ûntfangst fan groepen. Ek binne der noch plannen foar in boartersbosk foar bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)