Ungelokken troch glêdens

Der ha sneintemoarn op ferskate plakken yn de provinsje ûngelokken west troch de glêdens. Op de Wâldwei sloech yn de buert fan de Fonejachtbrêge in auto oer de kop. Twa ynsittenden binne derút helle. Sy binne mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.
Op de Zomerweg by Burgum rekke in auto troch glêdens fan de dyk. Ien ynsittende is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De dyk wie troch it ûngelok in skoftlang ticht.