Flyers winne mar krekt

30 jan 2011 - 00:23

De A6.NL Flyers ha op it eigen iis nei ferlinging en penalty shots wûn fan de Turnhout White Caps. De Belgen, stiif ûnderoan yn de kompetysje, wiene sneontejûn produktiver as oars. Nei twa perioaden stie it 6-6. Beide kearen waard it 3-3. Yn de tredde perioade bleau it 0-0 en ek yn de ferlinging soe de skoare net mear feroarje.

Mei it penaltysjitten makke Jamie Visser foar de Flyers de winnende. De Flyers bliuwe tredde op de ranglist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)