Aris wint yn Zwolle

29 jan 2011 - 21:45

De Friesland Aris hat de wedstriid yn Zwolle mei 85-76 fan Landstede wûn. It team fan Pete Miller makke it ferskil foar it skoft. It earste kwart wie mei 19-10 foar de Ljouwerter basketballers, it twadde mei 26-16.

Zwolle, de nûmer foarlêst fan de league, wie dêrnei produktiver en brocht der wer wat spanning yn. De marzje fan 19 punten by it skoft waard in gatsje fan sân. Fierder liet Aris mei topskutter Manny Adako (23 punten) it net komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)