Hafabra SW-Fryslân wol stipe

29 jan 2011 - 16:11

De muzykkorpsen fan Súdwest-Fryslân binne drok dwaande om harsels te promoatsjen. Sneon rippetearren de 700 muzikanten foar in grut hafabrakonsert dat 5 febrewaris is.

De nije gemeente moat noch te set oer de finânsjes foar subzydzjes. Dy stipe kinne de harmony-orkesten, fanfares en brassbands net misse. Mei it konsert wolle se de gemeente dúdlik meitsje dat se der binne én bliuwe wolle. De muzikanten spylje in stik dat spesjaal foar it konsert skreaun is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)