Jansma einiget yn efterhoede
Sybren Jansma fan De Pein is sneon yn de twamansbob op de wrâldbekerwedstriid yn it Switserske Sankt Moritz as sechtjinde einige. Mei Edwin van Calker kamen de bobbers yn twa runs oant in tiid fan 2.13,75.
Dit wie net genôch om yn de buert te kommen fan de winnende tiid 2.12,27, fan it Dútske koppel Machata en Bredau. Snein docht Jansma mei yn de fjouwermansbob.