Roorda en Papadopulos fuort

Roorda sil ferhierd wurde
SC Hearrenfean giet der fanút dat middenfjilder Geert Arend Roorda en spits Michal Papadopulos yn dizze transferperioade de klup ferlitte sille. Roorda sil ferhierd wurde en guon media berjochtsje dat de Fryske fuotballer nei it Deenske Esbjerg FB giet. Neffens Roorda is dat noch net oan de oarder. Foarsitter Veenstra meldt dat der ferskate partijen yn de race binne foar Roorda.
De Tsjechyske Michal Papadopulos sil nei alle gedachten ferkocht wurde.