Omrop bringt oerdeis ek TV

29 jan 2011 - 14:10

Omrop Fryslân komt mei in nije programmearring oerdeis op televyzje. Dat giet moandei 31 jannewaris yn. Moarns is in kompilaasje te sjen fan reportaazjes út de programma’s Hjoed en Hea! fan de foarige dei. Middeis fan 12.00 oant 17.00 oere is der plak foar live-bylden en de moaiste programma’s út it argyf.

De earste wike kinne de sjoggers middeis live-bylden sjen fan hûnen en katten by in diere-asyl yn Ljouwert. De bisten sykje in nij baaske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)