Global Game Jam op NHL

29 jan 2011 - 13:43

Yn Ljouwert wurde dit wykein nije spultjes betocht. Studinten en dosinten fan de NHL dogge 48 oeren lang mei oan de Global Game Jam. Dat evenemint wurdt oer de hiele wrâld tagelyk hâlden. Studinten moatte yn teams fan 4 of 5 minsken in spultsje betinke mei ien tema.

Freedtemiddei binne se al begûn en sneintemiddei moatte de spultsjes klear wêze. It giet om boerdspultjes en kompjûterspultsjes. Der dogge 80 lannen mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)