Smeekens goud, Boer sulver

29 jan 2011 - 12:19

Jan Smeekens hat yn Moskou de 500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden. De ynwenner fan Snits ried op de Krilatskoe-baan 34,93 en dat wie mar 0,02 boppe it baanrekôr. In dei earder wie Smeekens net fierder kaam as it sechsde plak yn 35,34.

Margot Boer waard opnij twadde op de 500 meter. De Grouster ried 38,49 en seach dat de Dútse Jenny Wolf mei 38,01 wer fierwei de rapste wie. Thijsje Oenema waard yn 38,95 achtste, Mayon Kuipers yn 39,17 tsiende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)