Nominaasjes Fryske sportprizen

De nominaasjes foar de Fryske sportprizen binne bekend. Sven Kramer, Epke Zonderland en Bob de Vries binne nominearre foar de Frysk sportman. By de froulju giet it tusken Ireen Wüst, Marit Bouwmeester en Margot Boer. By de ploegen Judo A6, it partoer Van der Bos en de BAM-maratonploech.
By de sporttalinten stride turnster Celine van Gerner, karter Nyck de Vries en reedrydster Lotte van Beek om de Fryske titel. Op it sportgala op 1 maart wurde de prizen útrikt.