Deade by ûngelok Drachten

(foto Sammie Lobo 112nederland.nl)
By in iensidich ûngelok op de Noarderhegewei by Drachten is freedtejûn in man (34) út Litouwen om it libben kaam. Syn 27-jierrige passazjier, dy't ek út Litouwen komt, rekke licht ferwûne. De auto is nei alle gedachten út de bocht flein en in in beam knald. De klap wie sa fûl dat auto yn twaen brutsen is.
It ûngelok fûn plak tusken de Wâldwei en de rotonde by Nijtap. De dyk hat in skoft ticht west foar it ferkear yn ferbân mei it ûndersyk.