Dost kandidaat opfolger Suarez

28 jan 2011 - 20:48

Hearrenfean-spits Bas Dost is ien fan de kandidaten om Luis Suarez op te folgjen by Ajax. Neffens Dost syn saakwaarnimmer Henk Nienhuis hat Ajax earder al oanjûn dat as Suarez fuort giet, Dost in grutte kandidaat is. "Bas wil graag naar Ajax. Ajax is toch zijn club," sa seit Nienhuis.

Freed waard bekend dat Suarez nei Liverpool ferhuzet. Dêrtroch hat Ajax mear jild om in nije spits oan te lûken. Dost kaam foar sa'n 3 miljoen nei Hearrenfean, mar sit no op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)