Nij ûndersyk saak-Vaatstra

28 jan 2011 - 17:54

Justysje komt moandei mei in nij rapport oer de saak-Vaatstra. Dêryn sil justysje mear dúdlikens jaan oer de Irakees Ali H dy't fertocht wie fan de moard op de 16-jierrige Marianne Vaastra fan De Westereen.

Ali H waard yn Istanbûl oppakt en nei in DNA-test wer frijlitten. Neffens tsjûgen is de ferkearde Ali H oppakt, sa kaam ferline jier nei bûten ta. It Iepenbier Ministearje hat in nij ûndersyk ynsteld. De útkomsten dêrfan wurde no moandei presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)