Wettersportbedriuw op Twitter

28 jan 2011 - 16:51

Wettersportbedriuwen moatte mear gebrûk meitsje fan nije media. Dat seit Geert Dijks fan de Hiswa. Se moatte bygelyks Twitter en Facebook brûke foar marketing, mar ek ûntwerpen yn 3D op ynternet te keap sette.

De ekonomyske krisis freget om in aktivere benadering fan de klant. De Hiswa lansearret dêrom mei de provinsje in kampanje om Nederlân as wettersportlân te promoatsjen yn Dútslân en België. Dy set begjin maart út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)