CNV: gjin ûntslaggen op taksys

28 jan 2011 - 15:40

Fakbûn CNV sjocht mooglikheden om alle 160 wurknimmers fan de fallite taksybedriuwen Taxicentrale Zuidwest Friesland en Personenvervoer Noordwest Friesland oan it wurk te hâlden. Vervoerscombinatie Friesland nimt de beide taksybedriuwen oer. Dat waard tongersdei bekend. Fan de wurknimmers kinne 41 harren baan hâlde, neffens de nije eigner.

It CNV docht no in berop op Vervoerscombinatie Friesland om al it personiel oer te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)