Rêdingsplan foar terpen boulân

28 jan 2011 - 15:03

De provinsje siket boeren dy't lân ôfstean wolle foar it beskermjen fan terpen. De provinsje en it ryk lizze 1,6 miljoen euro op it kleed foar in rêdingsplan fan goed 160 Fryske terpen.

Boeren brûke it terpelân faak as bougrûn. Troch it ploegjen wurde de terpen alle jierren leger. De provinsje is benaud dat archeolyske skatten yn 'e grûn sa stikken gean. Boeren krije no de kâns om terpelân te ferkeapjen of te ruiljen foar oar lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)