Farrûte Skylge net koarter

28 jan 2011 - 12:07

De farrûte nei Skylge wurdt foarearst net koarter. Dêrfoar soe it Schuitengat útbaggere wurde moatte om befarber te wurden foar skippen. Rykswettersteat hat tongersdei op Skylge oanjûn dat de operaasje der foarearst net komt.

It kin no wol tritich jier duorje foar't it Schuitengat op natuerlike wize befarber wurdt. Skippen moatte al dy tiid foar de kust fan Skylge in ein omfarre om de haven te berikken. Oars is it te ûndjip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)