Drugsdealer twa kear oanhâlden
By in aksje tsjin drugoerlêst op en by de Weaze is in 24-jierrige Ljouwerter twa kear oanhâlden. De man ferkocht drugs. Hy krige in proses-ferbaal en mocht him 24 oeren lang net by de Weaze sjen litte. Dêr hâlde er him net oan en dêrom waard er opnij oanhâlden. Hy krige wer in proses-ferbaal en mei him 14 dagen net mear yn it sintrum sjen litte.
In frou (29) út Marsum krige in proses-ferbaal. Se hie har tsjinsten oanbean oan in plysjeman yn boargerklean.
Trefwurden:
argyf