Spaansen: net elk ferhuzet mei

28 jan 2011 - 11:05

Net alle wurknimmers fan Spaansen Betonflierren yn Harns lykje mei te ferhúzjen mei it wurk nei Kampen ta. It personiel hat fakbûn FNV frege oft it mooglik is om mei in goede regeling ôfskie te nimmen fan it bedriuw.

Spaansen bringt de produksje fan betonflierren yn Harns oer nei Beton Son yn Kampen. Dan kin sûnder twongen ûntslaggen. Tusken de 25 en 30 minsken wurde detasjearre yn Kampen. Spaansen hat dêrmei definityf besluten gjin nij fabryk yn Harns te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)