Personiel achterfolget dieven

28 jan 2011 - 10:42

Mei tank oan opmerksume meiwurkers fan in bedriuw oan de Leidyk yn Waskemar hat de plysje trije dieven oanhâlden. De meiwurkers seagen dat twa manlju in oanhingwein meinamen. Se rieden achter de dieven oan en bellen de plysje. Dy koe trije manlju oanhâlde yn 'e loads dêr't se de stellen karre delset hiene.

It giet om twa ynwenners fan Waskemar fan 35 en 51 jier en in 37-jierrige man út Hoarnstersweach. De manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)