Menameradiel tsjin sintrale

Gemeentehûs Menaam
De gemeenteried fan Menameradiel hat tongersdeitejûn unanym in moasje fan de PvdA oannaam om defintyf nee te sizzen tsjin in enerzjypark by it Skinkeskânseilân. De ried hat grut beswier tsjin de asfaltsintrale op it bedriuwepark Nieuw Stroomland.
De ynhâldlike behanneling is oanholden en sil oer trije wiken fierder gean. De gemeente Menameradiel wol earst witte wat de beide oare gemeenten dy't yn it gebiet lizze, beslute. Dat binne Ljouwert en Littenseradiel.