Bouwmeester hat misse dei

28 jan 2011 - 00:17

Marit Bouwmeester hat op de fjirde dei fan it wrâldbekersilen yn Miami har ôflûkresultaat te pakken. De sylster út Warten waard yn de sânde race yn de Laser Radial-klasse mar 34e. Der stie yn de Biscaynebaai amper wyn. De grutte konkurrinten fan Marit diene it wol goed.

De Amerikaanse Paige Railey wûn, Evi van Acker fan België waard tredde. Yn de tuskenstân stean Van Acker en Bouwmeester op it earste plak mei 16 punten, Railey is tredde mei 19 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)