Man oppakt nei GHB-gebrûk

In 27-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oppakt, omdat hy it yn de Spoarstrjitte mâl die. De man sloech wyld om him hinne en gie langút op 'e dyk lizzen. By de meldkeamer kamen ferskillende telefoantsjes binnen fan minsken dy't har soargen oer de man makken.
De plysje sil besykje him yn in helpferlieningstrajekt te krijen, omdat de man al faker oanhâlden is neidat hy tefolle GHB brûkt hie.