Van der Wal yn basis Cambuur

27 jan 2011 - 12:56

Dennis van der Wal begjint freed yn de útwedstriid tsjin AGOVV Apeldoorn as rjochtsback yn de basis fan Cambuur. Van der Wal kaam oer fan FC Zwolle en makket diel út fan in spilersruil mei Rudy Jansen, dy't no foar Zwolle útkomt.

Tongersdeitemiddei binne alle formaliteiten foar tolve oere yn Zeist ôfhannele en dat betsjut dat Van der Wal spylje kin. Nuelson Wau is blesseard. Leon Hese en Robert van Boxel kinne beide wol spylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)