Friezen fêst by de Lorelei
It binnenfeartskip dat de Rijn tusken Koblenz en Bingen blokkeart begjint hieltyd mear út te rinnen op in ramp foar Nederlânske skippers. Hûnderten skippen lizze fêst op de Rijn súdlik fan de Lorelei. Yn it skip sit swavelsoer.
Ien fan de wachtsjende skippen is de 'Gitana' fan Henk de Haan fan Starum. Hy leit der al sûnt 15 jannewaris. As der net gau wer fearn wurde kin, kin it wolris de ein fan syn bedriuw betsjutte.
Trefwurden:
argyf