Undersyk nei Westereender

27 jan 2011 - 10:18

De plysje is begûn mei in oriïntearjend finansjeel ûndersyk nei in 56-jierrige ynwenner fan De Westereen. Oer de man binne by de plysje de lêste tiid in protte meldings binnenkommen oer fertsjustering en oplichting.

De plysje wurket yn dizze saak gear mei de FIOD, de Autoriteit Financiële Markten en de Nederlandse Bank. De saak mei de Westereender kaam oan it rôljen nei in útstjoering fan TROS Opgelicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)