Famke ferwûne troch stiennen

In famke (9)is woansdeitemiddei yn Harns ferwûne rekke, omdat se in stien tsjin de holle krige. It famke stie te sjen by in fjoerke by it sportfjild oan de Westerseedyk, dat in groepke jonges fan 12 en 13 jier stookt hie. In 38-jierrige Harnzer spruts de bern oan. Dêrnei goaiden de jonges mei stiennen en rekken dêrby it famke.
De 38-jierrige Harnzer koe trije jonges oanhâlde en hat dy oan de plysje oerdroegen. It famke is nei it sikehûs brocht foar behanneling.