Bouwmeester nimt de lieding

Marit Bouwmeester (argyffoto: Richard Langdon)
Marit Bouwmeester hat op de tredde dei fan it wrâldbekersilen yn Miami de lieding yn it Laser Radial klassemint oernaam fan de Belgise Evi van Acker. Marit waard fjirde yn de fiifde race en wûn de sechsde. Bouwmeester hat no 12 punten en Van Acker 13.
Brechtje van der Werf hat yn de foarronde min presteard, wêrtroch se no yn de fjirde en leechste groep meisyld by it matchracen. De silerij yn de Biscayne baai duorret noch oant en mei sneon.