Jansen by SC Cambuur wei
Cambuurspiler Rudy Jansen giet nei FC Zwolle. SC Cambuur en FC Zwolle binne oerienkommen Jansen te ruiljen mei Dennis van der Wal fan Zwolle. De ruil waard mooglik omdat beide spilers in oare klup sochten.
Jansen en Van der Wal kinne fuort ynset wurde by de nije wurkjouwer.