Nije spoarbrêge by Akkrum

De problemen by de spoarbrêge fan Akkrum binne aanst oplost
De spoarbrêge by Akkrum krijt in nij bewegingsmeganisme. Dat wie elektrysk en it wurdt hydraulysk. It wurk sil in moanne duorje en yn de wykeinen fan 19 febrewaris en 26 maart sil al it ferkear oer en ûnder de brêge stillein wurde.
De brêge waard yn 2007 ferhege en op guon punten fernijd, mar dêrnei wie it kommer en kwel. De brêge funksjonearre net goed mear en Prorail koe der jierrenlang net achter komme wêr't dat oan lei.