NHL begjint wettersintrum

Mei it bedriuwslibben rjochtet de NHL in nij wettersintrum op; in Centre of Expertise. Studinten kinne dêr leare troch praktykûndersyk te dwaan en bedriuwen dy't meidogge kinne wer fan dat praktykûndersyk profitearje.
Ien en oar kostet tsien miljoen euro om yn fiif jier tiid op te starten. Woansdei makke steatssiktaris Halbe Zijlstra bekend dat it ryk dêr fiif miljoen fan betellet. Nei de earste fiif jier moat it Centre of Expertise foar wetter sûnder subsydzje draaie.