NOC*NSF sil Cambuur helpe

Cambuur krijt help fan it NOC*NSF by it foarmjen fan in nije struktuer. Jan Zeinstra, dy't út namme fan gemeente en Cambuur opstelle moat hoe't de organisaasje der út komt te sjen, hat by it sportynstitút ynformearre oft sy Cambuur helpe kinne. NOC*NSF hat op it mêd fan it delsetten fan organisaasjes yn de sport in soad ûnderfining en Cambuur sil hjir gebrûk fan meitsje.
Zeinstra is no dwaande mei it ûndersyk. It is de yntinsje om ein febrewaris mei resultaten te kommen.