Boubedriuw Pols fallyt

26 jan 2011 - 12:09

Boubedriuw Pols út Dokkum hat it fallisemint oanfrege. By it bedriuw wurkje seis minsken. De ekonomyske krisis hat grutte gefolgen foar de bousektor. Benammen lytse bedriuwen hawwe mar kwalik wurk.

In soad opdrachten wurde ûnder de kostpriis útfierd en dêr hawwe sy de reserves net mear foar. Johannes Osinga fan CNV Hout en Bouw ferwachtet dat de krisis yn de bou noch seker in jier duorje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)