Fjouwer ferwûnen by oanriding

26 jan 2011 - 10:48

By in ferkearsûngelok op de krusing fan Vondelingwei en de Grinzerstrjitwei binne tiisdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. Op de krusing wie nei alle gedachten in man (20) fan Kollumersweach troch read riden. Dêrby botste hy tsjin de auto fan in frou (52) út Ljouwert.

De frou rekke licht ferwûne by de botsing. De man fan Kollumersweach en twa ynsittenden yn syn auto ek. Sy waarden mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)